Untsliepeniskatedraal (Rostov)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Untsliepeniskatedraal (Russysk: Успенский собор; Uspenski sobor) yn Rostov, Ruslân wie oant it ein fan 'e 18e iuw de katedraal fan it bisdom Jaroslavl. De katedraal stiet yn it kremlyn fan Rostov, in stêd yn 'e oblast Jaroslavl. By de katedraal stiet in frijsteande klokkestoel, ien fan 'e bekendste fan it lân.
Fluch de feiten
Untsliepeniskatedraal
Успенский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Jaroslavl | |
plak | Rostov | |
koördinaten | 57° 11' N 39° 24' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1508-1512 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 761510268470016 | |
Webside | ||
uspenie-rostov.cerkov.ru | ||
Kaart | ||
Slute
Mei it letter boude kremlyn foarmet de katedraal in arsjitekturaal kompleks yn 'e âlde stêd. Benammen fan 'e kant fan 'e Neromar litte de monuminten fan it kremlyn harren op it aldermoaist sjen.
De katedraal is it rêstplak fan it noch geve lichem fan 'e hillige Sint-Leontius († 1077).