United States Marshals Service
From Wikipedia, the free encyclopedia
De United States Marshals Service (USMS) is in Amerikaanske federale plysjetsjinst dy't resortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Justysje. Dizze ynstânsje waard oprjochte yn 1789 en is dêrmei de âldste Amerikaanske plysjetsjinst mei lanlik foech, hoewol't de Amerikaanske Dûanetsjinst nòch âlder is. De USMS naam yn 1969 syn hjoeddeistige namme oan. De organisaasje hat as wichtichste doel de befeiliging fan alle aspekten fan 'e Amerikaanske federale rjochtspraak, wêrûnder de befeiliging fan tsjûgen wa har libben bedrige wurdt. Fierders is de USMS ek ferantwurdlik foar it transport fan finzenen en de opspoaring fan ûntsnapte finzenen.
Fluch de feiten flagge, embleem ...
United States Marshals Service | |
---|---|
flagge | embleem |
algemiene gegevens | |
namme folút | United States Marshals Service ("Amerikaanske Marshaltsjinst") |
ôfkoarting | USMS |
lân | Feriene Steaten |
haadkertier | Arlington (Firginia) |
oprjochte | 1789 |
doel | ● befeiliging fed. rjochtspraak ● befeiliging fan tsjûgen ● transport fan finzenen ● opspoaring ûntsnapte finzenen |
sifers | |
wurknimmers | ûnbekend |
beëdige leden | 94 U.S. marshals en 3.954 helpmarshals (2011) |
jierliks budget | ûnbekend |
oar | |
webside | www.usmarshals.gov |
Slute