Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Unbesmodzge Untfinzenis (Latyn: Immaculata conceptio, Nederlânsk: Onbevlekte ontvangenis) is de roomsk-katolike lear dat de jongfaam Marije fan it momint ôf dat se ferwekt waard (dus noch foar har berte), frij fan sûnde wie.
Yn de pauslike bul Ineffabilis Deus fan 1854 naam paus Pius IX it dogma oan fan de ûnbesmodzge ûntfinzenis fan de Jongfaam Marije. De bul folge op in tiid fan de tanimmende folksferearing fan Marije, dy’t fan it begjin fan de 19e iuw ôf oplôge. Karakteristyk foar dy tiid wiene ek de talrike ferskiningen fan de Jongfaam Marije. De ferneamdste Marije-ferskining soe plak fûn ha yn Lourdes, dêr't Marije oant 16 kear ta oan Bernadette Soubirous ferskynde.
De feestdei fan it feest fan de ûnbesmodzge ûntfinzenis is op 8 desimber fêststeld, njoggen moanne foar it âldere feest fan de Berte fan Marije. As dy datum op in advintssnein falt skood de dei op nei 9 desimber. Yn in soad katolike lannen is it in frije dei.