USS Missouri (skip út 1944)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De USS Missouri is in Amerikaansk slachskip fan 'e Iowa-klasse, mei de koade BB-63 en de bynammen Mighty Mo en Big Mo ("MO" is de offisjele ôfkoarting fan 'e Amerikaanske steat Missouri, dêr't it skip nei ferneamd is). It wie mei tuskenskoften fan 1944 oant 1992 yn 'e tsjinst by de Amerikaanske Marine. De USS Missouri wie it lêste slachskip dat troch de Feriene Steaten boud waard. It waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch ynset yn 'e striid tsjin Japan, en it dek tsjinne yn septimber 1945 as it plak dêr't de formele kapitulaasje fan Japan plakfûn. Neitiid waard it skip op 'e nij ynset yn 'e Koreaanske Oarloch en de Earste Golfoarloch, foar't it yn 1992 úteinlik foargoed ôftanke waard. De USS Missouri waard dêrnei in museumskip, dat ôfmarre leit oan Ford Island yn 'e lagune fan Pearl Harbor yn Hawaï. It skip krige by in breder publyk bekendheid troch syn dielname oan films as Under Siege en Battleship.
USS Missouri | ||
De USS Missouri nei de modernisearring út 'e 1980-er jierren. | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Feriene Steaten | |
thúshaven | ferskaat (sjoch tekst) | |
eigner | Am. Marine (oant 1998) USS Missouri Memorial Association | |
oare namme(n) | BB-63 | |
skiednis | ||
werf | Marineskipswerf fan Brooklyn | |
kyllizzing | 6 jannewaris 1941 | |
tewetterlitting | 29 jannewaris 1944 | |
yn de feart | 11 juny 1944 | |
út tsjinst | 31 maart 1992 | |
status | museumskip, NRHP-monumint | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | slachskip | |
subtype | Iowa-klasse | |
lingte | 270.40 m | |
breedte | 33 m | |
djipgong | 8.80 m | |
deplassemint | 45.000 ton | |
bemanning | 2.700 koppen (by bou) 1.851 | |
maks. faasje | 32,7 knopen (60,6 km/h)
| |
bewapening | by oplevering: 9 × 16 inch (406 mm) kanon 20 × 5 inch (127 mm) kanon 80 × 40 mm loftdoelgeskut 48 × 20 mm loftdoelgeskut nei modernisearring 1984: 9 × 16 inch (406 mm) kanon 12 × 5 inch (127 mm) kanon 32 × BGM-109 Tomahawk- krúsraket 16 × RGM-84 Harpoon- antyskipsraket 4 × 20mm Phalanx CIWS |