Turku
From Wikipedia, the free encyclopedia
Turku (Sweedsk: Åbo) is in stêd yn it súdwesten fan Finlân, en leit oan de mûning fan de rivier de Aura yn de Eastsee; it is de haadstêd fan de regio Varsinais-Suomi. Turku fierde yn 1979 syn 750-jierrich bestean. Mei likernôch 180.000 ynwenners is Turku op fjouwer nei de grutste gemeente fan it lân, mar it stedsgebiet jildt nei Helsinky en Tampere as op twa nei it wichtichste fan it lân.
Fluch de feiten Flagge, Wapen ...
Turku | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Finlân |
Provinsje | West-Finlân |
Gemeente | Turku |
Sifers | |
Ynwennertal | 184.190 (2013) |
Oerflak | 306,36 km² (lân en wetter) |
Befolkingstichtens | 749,75 / km² |
Stêdekloft | 315.751 (2013) |
Hichte | 10 m |
Oar | |
Stifting | 13e iuw |
Tiidsône | UTC+2 |
Simmertiid | UTC+3 |
Webside | www.turku.fi |
Slute
Turku is in twatalige gemeente mei Finsk as mearderheidstaal (± 89%) en Sweedsk as minderheidstaal.
Yn 2011 wie de unversiteitsstêd Turku tegearre mei Tallinn de kulturele haadstêd fan Europa.