Turf (brânstof)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Turf is drûge fean dat eartiids as brânstof brûkt waard.
It brûken fan fean as branje is al tige âld. De Romein Plinius maior beskreau yn Historia Naturalis dat de Sjauken fan modder ballen draaiden en dy as brânstof brûkten. Sûnt de Midsiuwen waard fean yn de foarm fan turf as brânstof brûkt. Yn sompe- en feangrûnen foarmje de ôfstjerrende planten in soarte grûnstof dy't útspitten waard (turfstekke) en te drûgjen lein waard op de saneamde stripen. De útstutsen turf waard faak mei platboaiemskippen troch de saneamde wiken nei de opslach fard. De stof wurde brûkt as brânstof. De turf út it heechfean wie oer it generaal fan bettere kwaliteit as turf út leechfean.