Tripolitaanje
From Wikipedia, the free encyclopedia
Tripolitaanje (Arabysk: طرابلس, Ṭarābulus; Berbersk: Ṭrables) is ien fan 'e trije histoaryske lânsdielen fan 'e Noardafrikaanske steat Lybje. De namme komt fan it Latynske Regio Tripolitana, wat "Krite fan 'e Trije Stêden" betsjut. Tripolitaanje omfiemet it noardwestlik diel fan Lybje, de nasjonale haadstêd Tripoly ynbegrepen. Yn it Arabysk hawwe de stêd Tripoly en de regio Tripolitaanje trouwens deselde namme, dy't gewoanwei inkeld op 'e stêd tsjut. Om 'e gruttere regio oan te jaan, is yn it Arabysk in taheaksel nedich lykas "steat" of "provinsje".
Fluch de feiten
Tripolitaanje طرابلس (Ṭarābulus) | ||
histoaryske flagge fan Tripolitaanje, yn gebrûk yn 'e Tripolitaanske Republyk (1919-1923) | ||
polityk | ||
soarte gebiet | lânstreek | |
lân | Lybje | |
haadplak | Tripoly | |
grutste plak | Tripoly | |
sifers | ||
ynwennertal | 3.601.853 (2006) | |
oerflak | 353.000 km² | |
befolkingstichtens | 10,0 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC+1 |
Slute