Triple Alliânsje
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Triple Alliânsje (Dútsk: Dreibund; Italjaansk: Triplice Alleanza; Hongaarsk: Hármas Szövetség) wie in militêr bûnsgenoatskip tusken it Keizerryk Dútslân, de Eastenryksk-Hongaarske Dûbeldmonargy en it Keninkryk Itaalje, dat oprjochte waard op 20 maaie 1882. Neitiid waard it om 'e safolle tiid fernijd oant it ferrûn yn 1915, ûnder de Earste Wrâldoarloch. De Triple Alliânsje spile, yn 'e mande mei de rivalisearjende Triple Entente tusken it Feriene Keninkryk, Frankryk en it Keizerryk Ruslân, in wichtige rol by de oanrin nei it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch. Doe't dat konflikt úteinlik losbaarnde, foel de Triple Alliânsje útinoar, mei't Itaalje wegere him yn in oarloch behelje te litten dy't troch Dútslân en Eastenryk-Hongarije sels begûn wie. Krektoarsom: Italjaanske territoriale belangen yn it neidiel fan Eastenryk-Hongarije soargen derfoar dat it lân him yn 1915 oan 'e kant fan 'e Alliëarden yn 'e striid mong.
- Dizze side giet oer de Triple Alliânsje fan 1882. Foar oare betsjuttings, sjoch: Triple Alliânsje (betsjuttingsside).