Tony Blair
From Wikipedia, the free encyclopedia
Sir Anthony Charles Lynton (Tony) Blair KG (Edinboarch, 6 maaie 1953) is in Britsk politikus en wie premier fan it Feriene Keninkryk fan 1997 oant 2007 foar de Labour Party. Hy is dêrmei de langst regearjende Labour-premier út de Britske skiednis. Op 27 juny 2007 gie hy op eigen inisjatyf ôf en waard hy troch de opstellers fan de Rûtekaart foar Frede yn it Midden-Easten beneamd ta spesjaal gesant. Fan 1983 oant syn ôfskied as premier wie hy parlemintslid foar it distrikt Sedgefield.
Fluch de feiten
Tony Blair | ||
politikus | ||
Tony Blair (2010) | ||
echte namme | Sir Anthony Charles Lynton Blair | |
nasjonaliteit | Britsk | |
bertedatum | 6 maaie 1953 | |
berteplak | Edinburgh | |
etnisiteit | Skotsk | |
partij | Labour Party | |
Premier fan it Feriene Keninkryk | ||
amtsperioade | 2 maaie 1997-27 juny 2007 | |
foargonger | John Major | |
opfolger | Gordon Brown | |
Partijlieder fan Labour Party | ||
amtsperioade | 21 july 1994-27 juny 2007 | |
foargonger | John Smith | |
opfolger | Gordon Brown | |
Opposysjelieder yn it Legerhûs | ||
amtsperioade | 21 july 1994-2 maaie 1997 | |
foargonger | Margaret Beckett | |
opfolger | John Major | |
Lid fan it Legerhûs | ||
amtsperioade | 9 juny 1983-27 juny 2007 |
Slute