Timpel (Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen)
From Wikipedia, the free encyclopedia
In timpel fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen is in gebou mei spesifike funksjes foar de Mormoanske mienskip.
In timpel ferskilt fan in gewoane tsjerke lykas de Joadske timpel yn Jeruzalim ek ferskilde fan de synagoges. Yn in gewoane tsjerke komt de kongregaasje alle sneinen by inoar foar de earetsjinst, mar in besite oan de timpel is te fergelykjen mei in spirituele retraite, wêryn't in grut part fan de tiid wijd wurdt foar it krijen fan de sakraminten. Foar Mormoanen is in timpel dêrom in tige hillich plak en allinne leden hawwe ûnder betingsten tagong. Hja moatte foldwaan oan de gedrachsnoarmen en de begjinsels fan it Mormoanske leauwe ûnderskriuwe. Net-leden hawwe foar de wijing fan de timpel de mooglikheid om it gebou fan binne te besjen. Dêrnei kin net elkenien mear samar de timpel binnen rinne.
Ynstee fan krusen op de timpels wurdt der op de spits fan de toer fan in Mormoanske timpel yn 'e regel in byld fan de ingel Moroni set. Mormoanen brûke gjin krusen om't hja dat as it symboal fan de stjerrende Jezus beskôgje, wylst foar har de libbene Kristus de realiteit is. Moroni wurdt beskôge as de ingel, dy't yn (Iepenbierings 14:6) it ivige boadskip ferkundiget oan alle bewenners fan de ierde. Oan alle timpels is yn de lokale taal de tekst: Wijd oan de Heare; It Hûs fan de Heare oanbrocht.
Al sûnt it begjin fan de Mormoanske skiednis foarmje timpels in wichtich ûnderdiel fan de beweging. De earste timpel wie de Timpel fan Kirtland. Ynearsten hiene de Mormoanen mar in pear timpels. Sûnt 1990 wurde der rûnom yn de wrâld in grut tal nije timpels boud. Ek oare, lytsere Mormoanske denominaasjes bouwe timpels, mar de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen is fierwei de meast produktive bouwer fan timpels. Tusken 2000 en 2002 waard yn Zoetermeer de earste timpel fan Nederlân, de De Haach-timpel, boud.