Thomas Lovell Beddoes
From Wikipedia, the free encyclopedia
Thomas Lovell Beddoes (Bristol, 30 juny 1803 – Basel, 26 jannewaris 1849) wie in Britsk dichter, toanielskriuwer en dokter. Hy ûnderhold himsels syn hiele libben as medikus, en nei in pear iere útjeften publisearre er neat mear, hoewol't er oan syn dea ta trochgie mei skriuwen. Hy krige slimme geastlike swierrichheden, en makke úteinlik in ein oan syn libben troch him te fergiftigjen. Hy is it bekendst om syn postúm ferskynde toanielstik Death's Jest-Book, sij it mear troch de gedichten dy't dêryn foarkomme, as troch it stik sels.
Fluch de feiten
Thomas Lovell Beddoes | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Thomas Lovell Beddoes | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 30 juny 1803 | |
berteplak | Bristol (Ingelân) | |
stoarn | 26 jannewaris 1849 | |
stjerplak | Basel (Switserlân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | poëzij, toaniel | |
perioade | 1e helte 19e iuw | |
bekendste wurk(en) | The Bride's Tragedy Death's Jest-Book | |
jierren aktyf | 1821 – 1849 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Slute