The Equalizer (film)
film út 2014 fan Antoine Fuqua / From Wikipedia, the free encyclopedia
The Equalizer is in Amerikaanske aksjefilm út 2014 ûnder rezjy fan Antoine Fuqua, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington en Marton Csokas. De titel betsjut "De Gelykmakker". De film makket diel út fan 'e mediafranchise The Equalizer en waard basearre op 'e tillefyzjesearje mei deselde namme út 'e 1980-er jierren. It ferhaal folget Bob McCall, in skynber gewoane widner dy't in gewoan libben liedt, oant er him it lot fan in teenage-prostituee oanlûkt. As har poaier net omlyk wol, docht bliken dat McCall alles behalven gewoan is en eins in ûnfermoede ferline hat. The Equalizer krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses. Yn 2018 kaam ûnder de titel The Equalizer 2 in ferfolchfilm út.
Fluch de feiten
The Equalizer | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Antoine Fuqua | |
produsint | Todd Black Jason Blumenthal Tony Eldridge Mace Neufeld Alex Siskin Steve Tisch Michael Sloan Denzel Washington | |
senario | Richard Wenk | |
basearre op | The Equalizer fan Michael Sloan en Richard Lindheim | |
kamerarezjy | Mauro Fiore | |
muzyk | Harry Gregson-Williams | |
filmstudio | Columbia Pictures LStar Capital Village Roadshow Pictures Escape Artists Mace Neufeld Productions Zhiv Productions | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing | |
spilers | ||
haadrollen | Denzel Washington Marton Csokas | |
byrollen | Johnny Skourtis Chloë Grace Moretz David Harbour David Meunier | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 26 septimber 2014 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk (ek in bytsje Russysk) | |
spyltiid | 132 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $73 miljoen | |
opbringst | $192,3 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | The Equalizer | |
● folgjend diel | The Equalizer 2 |
Slute