The 5th Wave (film)
film út 2016 fan J Blakeson / From Wikipedia, the free encyclopedia
The 5th Wave, ek wol stavere as The Fifth Wave, is in Amerikaanske dystopyske science fiction-aksjefilm dy't spilet yn in post-apokalyptyske wrâld en rjochte is op teenagers. De film datearret fan 2016, en waard regissearre troch J Blakeson, mei yn 'e haadrollen Chloë Grace Moretz, Nick Robinson en Alex Roe. It ferhaal giet oer in bûtenierdske ynvaazje fan 'e Ierde en in famke dat middenmank alle gaos har jongere bruorke besiket te rêden. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme foar jongfolwoeksenen, skreaun troch Rick Yancey, dy't yn 2013 publisearre waard. The 5th Wave krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar waard yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses.
Fluch de feiten
The 5th Wave | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | J Blakeson | |
produsint | Graham King Tobey Maguire Lynn Harris Matthew Plouffe | |
senario | Susannah Grant Akiva Goldsman Jeff Pinkner | |
basearre op | de roman fan Rick Yancey | |
kamerarezjy | Enrique Chediak | |
muzyk | Henry Jackman | |
filmstudio | Columbia Pictures GK Films LStar Capital Living Films Material Pictures | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing | |
spilers | ||
haadrollen | Chloë Grace Moretz Nick Robinson Alex Roe | |
voice-over | Chloë Grace Moretz | |
byrollen | Ron Livingston Maggie Siff Zackary Arthur Liev Schreiber | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 14 jannewaris 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-aksjefilm, jeugdfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 112 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $38–54 miljoen | |
opbringst | $109,9 miljoen |
Slute