Termdieren
From Wikipedia, the free encyclopedia
De termdieren (Latynske namme: Nephrozoa) foarmje in rangleaze taksonomyske kloft organismen dy't diel útmakket fan it ryk fan 'e dieren (Animalia), it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa) en it tuskenryk fan 'e twasidigen (Bilateria). De termdieren omfiemje fierwei de grutste groep fan 'e twasidigen, en ûnderskiede har fan 'e oare groep, de termleazen (Acoelomorpha) troch it hawwen fan terms.
Fluch de feiten
Termdieren | ||
De pylkwjirm Spadella cephaloptera. | ||
Taksonomy | ||
domein: | eukaryoaten (Eukaryota) | |
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
(sûnder rang): | weefseldieren (Eurmetazoa) | |
tuskenryk: | twasidigen (Bilateria) | |
(sûnder rang): | termdieren (Nephrozoa) | |
Jondelius et al., 2002 | ||
Slute
De termdieren falle útinoar yn twa grutte subgroepen, te witten: de nijmûnigen (Deuterostomata), dêr't û.m. de rêchstringdieren ta hearre (mei dêrûnder ek de minske); en de oermûnigen (Protostomata), mei û.m. de lidpoatigen, de weakdieren en ferskate groepen wjirms.