Teodoarik I
From Wikipedia, the free encyclopedia
Teodoarik I, of ek wol Diderik I, (390 of 393 – 20 of 24 juny 451) wie kening fan de Fisigoaten fan 418 oant 451). Hy waard grut as gizeler by it Romeinske hof en wie de jongere broer fan Wallia. Under syn lange bewâld ferstjerke hy stadichoan de posysje fan de Fisigoaten yn Galje. Foar in part troch diplomatike handigens, mar ek mei geweld groeide ûnder syn hearskippij in tichte bân tusken de Fisigoaten en it West-Romeinske Ryk út ta in ûnbidige selsstannigens.