Swiertekrêft
From Wikipedia, the free encyclopedia
De swiertekrêft of gravitaasjekrêft is in oanlûkende krêft dy't twa (punt-)massa's op inoar útoefenje. De swiertekrêft soarget dêrfoar dat alles op ierde in nei ûnderen geande krêft ûnderfynt. De swiertekrêft wurket ek op grutte ôfstân, bygelyks tusken de ierde en de moanne en tusken stjerrestelsels, dêr't it úttynjen fan it hielal by tsjinwurke wurdt. De swiertekrêft, feroarsaket ek it fallen fan in apel en soarget der allyksa foar dat de moanne of in satellyt yn in baan om de ierde bliuwt en dat de ierde yn in baan om de sinne bliuwt en dat de sinne op sy bar mank mei alle oare stjerren fan de Molkewei grif om in mulpunt hinne draaie.
Boppedat feroarsaket de swiertekrêft de tijfjilden om it massamulpunt hinne fan in himellichem. De tijfjilden fan de sinne en de moanne binne op de ierde ferantwurdlik foar inferkynsel sa as bygelyks de springtij.