Swarte Wapity
From Wikipedia, the free encyclopedia
Swarte Wapity (Lakota: Heȟáka Sápa, útspr.: [he'χa:ka 'sa:pa], likernôch: "heechaaka saapa"; Ingelske oersetting: Black Elk; oan 'e igge fan 'e Lytse Powderrivier (Montana), desimber 1863 – Pine Ridge (Súd-Dakota), 19 augustus 1950) wie in foaroansteand medisynman fan 'e Lakota. Hy wie in efterneef fan it ferneamde Oglala-opperhaad Mâl Hynder, reizge troch Noard-Amearika en Jeropa mei Buffalo Bill syn wyldwestshow en befocht yn 1890 de Amerikaanske kavalery by it Bloedbad fan Wounded Knee. Yn syn lettere libben besocht Swarte Wapity ûnder de blanken begryp te kweekjen foar de tradisjonele rituëlen en spiritualiteit fan 'e Lakota.
Fluch de feiten
Swarte Wapity | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Heȟáka Sápa | |
oare namme | Black Elk | |
nasjonaliteit | Sû (Sioux) Amerikaansk | |
berne | desimber 1863 | |
berteplak | oan 'e Lytse Powderrivier (Montana) | |
stoarn | 19 augustus 1950 | |
stjerplak | Pine Ridge (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota-Sû | |
wurkpaad | ||
berop/amt | medisynman fan 'e Oglala-Lakota |
Slute