Suffolk
From Wikipedia, the free encyclopedia
Suffolk is in greefskip yn de Ingelske regio East-Ingelân, dat nei alle gedachten oprjochte is yn 'e 10e iuw. It hie yn 2001 668.553 ynwenners en it oerflak berint 3801,1 km2. De haadstêd is Ipswich; oare plakken fan belang binne Lowestoft, Bury St Edmunds en Felixstowe, ien fan de grutste kontenerhavens yn Europa.
Fluch de feiten
Suffolk | ||
Lizzing Suffolk yn Ingelân | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | East Ingelân | |
Status | Ceremonial & Non-metropolitan county | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 719.500 (2007) | |
Oerflak | 3.798 km² | |
Befolkingsticht. | 189 / km² | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webside oerheid Suffolk |
Slute
It lânskip is frijwat flak mei mar in pear hichten, meast lânbougrûn.