Star Wars Holiday Special
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Star Wars Holiday Special is in Amerikaanske tillefyzjespecial út 1978 yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise. Neffens de spyldoer fan oardel oere rekkene, is it eins in tillefyzjefilm. De produksje stie ûnder rezjy fan Steve Binder, en hie yn 'e haadrollen Harrison Ford, Peter Mayhew, Patty Maloney en Mickey Morton. De titel betsjut "Feestdagespecial fan Star Wars". De plot giet alle kanten út en omfiemet sels in animearre segmint, mar yn 'e sintrale ferhaalline dy't alles byinoar hâldt, besykje Han Solo en syn freon, de Wookiee Chewbacca, op 'e tiid de planeet Kashyyyk te berikken, de thúswrâld fan 'e Wookiees, foar de fiering fan in hjeldei dy't Libbensdei hjit. Fertsjintwurdigers fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk sitte harren lykwols op 'e hakken.
Star Wars Holiday Special | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Steve Binder | |
produsint | Joe Layton Jeff Starsh Ken Welch Mitzie Welch | |
útfierend produsint | Gary Smith Dwight Hemion | |
senario | Pat Proft Leonard Ripps Bruce Vilanch Rod Warren Mitzie Welch George Lucas (tekenfilm) | |
basearre op | Star Wars fan George Lucas | |
muzyk | Ian Fraser (soundtrack) John Williams (Star Wars-tema) Ken Welch (lieten) Mitzie Welch (lieten) | |
filmstudio | Smith-Hemion Productions Winters Hollywood Entertainment Holdings Corp. The Star Wars Corporation 20th Century Fox Television Nelvana (animearre segmint) | |
distribúsje | 20th Century Fox Television | |
spilers | ||
haadrollen | Harrison Ford Peter Mayhew Patty Maloney Mickey Morton | |
byrollen | Mark Hamill Carrie Fisher Anthony Daniels James Earl Jones Art Carney Beatrice Arthur | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 17 novimber 1978 | |
foarm | tillefyzjespecial | |
sjenre | science fiction | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 98 minuten | |
filmsearje | ||
filmsearje | Star Wars | |
● foarich diel | Star Wars: Episode IV – A New Hope | |
● folgjend diel | Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back |
De foarfallen út 'e Star Wars Holiday Special binne yn 'e ynterne gronology fan 'e Star Wars-franchise pleatst tusken de films Star Wars: Episode IV – A New Hope en Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back yn. De special waard op 17 novimber 1978, yn it ramt fan Thanksgiving en de oankommende kryst, útstjoerd troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk CBS. De special is berucht om 'e ekstreem negative resinsjes dy't er krige fan sawol de tillefyzjekritisy as de fans fan Star Wars. De Star Wars Holiday Special is dêrom neitiid nea wer útstjoerd en is ek nea útbrocht op VHS, dvd of blu-ray. Mei't de iennichste ferzjes yn omrin partikuliere opnamen binne fan 'e iennichste tillefyzje-útstjoering, dy't klandestyn ferhannele wurde, hat de special meitiid in wat legindaryske status krigen mank Star Wars-fans.