Star Wars: Episode IV – A New Hope
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Wars: Episode IV – A New Hope, oarspronklik útbrocht ûnder de titel Star Wars, is in Amerikaanske science fiction-film mei fantasy- en aksjefilmeleminten út 1977. It is it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, de Skywalker Saga-filmsearje en de hiele Star Wars-mediafranchise. De film waard skreaun en regissearre troch George Lucas. De haadrollen waarden spile troch de doe noch folslein ûnbekende akteurs Mark Hamill, Carrie Fisher en Harrison Ford. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering IV – In Nije Hoop".
Star Wars: Episode IV – A New Hope | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | George Lucas | |
produsint | Gary Kurtz | |
senario | George Lucas | |
kamerarezjy | Gilbert Taylor | |
muzyk | John Williams | |
filmstudio | Lucasfilm | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Mark Hamill Carrie Fisher Harrison Ford | |
byrollen | Alec Guinness David Prowse James Earl Jones Peter Mayhew Anthony Daniels Kenny Baker Peter Cushing | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 25 maaie 1977 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk (ek guon optochte talen) | |
spyltiid | 121 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $11 miljoen | |
opbringst | $775,8 miljoen | |
prizen | 7 × Oscar 1 × Golden Globe 2 × BAFTA 13 × Saturn Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Skywalker Saga | |
● folgjend diel | Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back |
De plot folget de jonge Luke Skywalker, dy't fia de androïden R2-D2 en C-3PO yn 'e kunde komt mei de âlde Jedi-master Obi-Wan Kenobi. Dyselde leart him om de Krêft te manipulearjen, in enerzjyfjild dat talintearre brûkers skynber boppenatuerlike fermogens jaan kin. Luke slút freonskip mei de smokkelder Han Solo en syn Wookiee-ko-piloat Chewbacca en rekket behelle yn 'e opstân fan it Rebelleferbûn tsjin it skrikbewâld fan it Galaktysk Keizerryk. Mei-inoar befrije se de rebelske prinsesse Leia, dy't finzen nommen is troch Darth Vader, de wichtichste trewant fan 'e boasaardige keizer Palpatine, en leverje se de stellen blaudrukken fan 'e Deadsstjer, in reuseftich romtestasjon en massaferneatigingswapen, ôf by de rebellen. Neitiid nimt Luke diel oan in oanfal op 'e Deadsstjer om dy te ferneatigjen.
Doe't Star Wars: Episode IV – A New Hope nei in turbulint produksjeproduksje útbrocht waard, krige er fan 'e filmkritisy fan alle kanten lof taswaaid. Yn 'e bioskopen woeks de film út ta in reuseftich súkses. It wie feitliks de meast opbringende film fan 1977 en teffens de meast opbringende film aller tiden. Star Wars: Episode IV – A New Hope wûn 7 Oscars, in Golden Globe, 2 BAFTA's en 13 Saturn Awards. Yn 1989 wie it ien fan 'e earste 25 films dy't omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde troch de Library of Congress foar preservearring foar de ivichheid opnommen waarden yn it National Film Registry. Star Wars: Episode IV – A New Hope wurdt tsjintwurdich beskôge as ien fan 'e bêste en ynfloedrykste films út 'e filmskiednis. In folgjend diel út 'e Skywalker Saga, Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, kaam út yn 1980.