Solo: A Star Wars Story
film út 2018 fan Ron Howard / From Wikipedia, the free encyclopedia
Solo: A Star Wars Story, ek wol koartwei Solo neamd, is in Amerikaanske science fiction-film út 2018 mei eleminten fan aventoerefiksje, aksjefiksje, heistfiksje en fantasy. It wie de twadde op himsels steande live-actionfilm yn it ramt fan 'e saneamde antologysearje fan 'e Star Wars-mediafranchise. Yn 'e ynterne gronology fan 'e Star Wars-filmsearje folget it nei Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en giet it foarôf oan Rogue One: A Star Wars Story (2016). De film waard regissearre troch Ron Howard, mei yn 'e haadrollen Alden Ehrenreich as Han Solo en Joonas Suotamo as Chewbacca.
Solo A Star Wars Story | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ron Howard | |
produsint | Kathleen Kennedy Allison Shearmur Simon Emanuel | |
útfierend produsint | Lawrence Kasdan Jason McGatlin | |
senario | Jonathan Kasdan Lawrence Kasan | |
basearre op | wurk fan George Lucas | |
kamerarezjy | Bradford Young | |
muzyk | John Powell | |
filmstudio | Lucasfilm | |
distribúsje | Walt Disney Studios Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Alden Ehrenreich Joonas Suotamo Emilia Clarke Woody Harrelson | |
byrollen | Donald Glover Phoebe Waller-Bridge Paul Bettany Erin Kellyman Thandie Newton | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 10 maaie 2018 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk (ek guon optochte talen) | |
spyltiid | 135 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $275 miljoen | |
opbringst | $392,9 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Star Wars | |
● foarich diel | Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (gron.) | |
● folgjend diel | Rogue One (gronologysk) |
De film is it oarsprongsferhaal fan 'e smokkelder Han Solo, dy't letter in held wurde sil yn 'e striid fan it Rebelleferbûn tsjin it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. Hy groeit op ûnder minne omstannichheden op 'e planeet Corellia, dêr't misdiesyndikaten foar master opslane. Om dêrwei te kommen, nimt er tsjinst as ynfanterist by de Keizerlike Striidkrêften. In moeting mei de Wookiee Chewbacca liedt ta in libbenslange freonskip. Tegearre jouwe se har by de binde fan Tobias Beckett, dy't wurket foar it ûnderwrâldfiguer Dryden Vos. Dy syn rjochterhân blykt Qi'ra te wêzen, it famke oan wa't Han syn hert ferpâne hat.
Solo: A Star Wars Story krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, hoewol't der wat krityk wie op 'e kamerarezjy en de toansetting. De film waard fierders nominearre foar de Oscar foar bêste special effectss. Yn 'e bioskopen brocht Solo: A Star Wars Story lykwols 'mar' krapoan $400 miljoen op tsjin in (tige heech) budget fan $275 miljoen. De bykommende marketingkosten yn oanmerking nommen, betsjutte dat dat de film net út 'e kosten kaam en beskôge waard as in flop. Solo: A Star Wars Story waard opdroegen oan 'e neitins fan filmprodusinte Allison Shearmur, dy't ûnder de produksje kaam te ferstjerren.