Sniemûs
From Wikipedia, the free encyclopedia
De sniemûs of Jeropeeske sniemûs (wittenskiplike namme: Chionomys nivalis, foarhinne: Microtus nivalis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e sniemûzen (Chionomys), dat foarkomt yn 'e berchtmen fan Midden-, Súd- en East-Jeropa en de Balkan en fierders yn dielen fan súdwestlik Aazje. Hy wurdt beskôge as in reliktsoarte út 'e lêste iistiid, waans ferspriedingsgebiet framintearre rekke is sûnt de weromlûking fan it lâniis. Yn Nederlân komt de sniemûs net foar.
Fluch de feiten taksonomy, soarte ...
sniemûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Chionomys nivalis | ||||||||||||
Martins, 1842 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Slute