Sjajinnen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Sjajinnen (Ingelsk: Cheyenne) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat tsjintwurdich benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Montana en Oklahoma wennet. Harren taal, it Sjajinsk, heart ta de Algonkwynske taalfamylje, en hja binne nau besibbe oan guon oare Algonkwynske folken fan 'e Grutte Flakten, de Arapaho en de Gro Wânt (Gros Ventre). Hoewol't de Sjajinnen histoarysk sjoen bûnsgenoaten wiene fan 'e Sû (Sioux) en op kultureel mêd witwat mei dat folk gemien hawwe, benammen fanwegen in wengebiet dat no ienris in gelikense libbenswize ôftwong, binne se net mei harren besibbe.
Fluch de feiten flagge, populaasje ...
Sjajinnen Cheyenne | |
---|---|
Ferneamde Sjajinnen: bopp. rige f.l.n.rj.: Jimmy Carl Black, Lytse Wolf, Minnie Devereaux, Edgar Heap of Birds; 2e rige: David Pendleton Oakerhater, Kromme Noas, Harvey Pratt, Pam Grier; 3e rige: Swarte Tsjettel, Suzan Shown Harjo, Edmond Guerrier, Twa Moannen; 4e rige: Ben Nighthorse Campbell, Bizonkeal, Stomp Mês, Cheri Honkala. | |
flagge | |
Noardlike Sjajinnen | Súdlike Sjajinnen |
populaasje | |
oantal | 18.000 (2011/14) |
taal | Sjajinsk (ek Ingelsk) |
godstsjinst | kristendom, natoerreligy, synkretisme |
erkenning | |
steatsdragend folk | gjin eigen steat |
erkende minderheid | Feriene Steaten |
fersprieding | |
Feriene Steaten: | 18.000 |
● Montana: | 10.000 |
● Oklahoma: | 8.000 |
Slute