Sint-Joariskatedraal (Istanbûl)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Sint-Joariskatedraal (Gryksk: Καθεδρικός ναός του Αγίου Γεωργίου; Turksk: Aya Yorgi Kilisesi) is de wichtichste eastersk-otterdokse katedraal yn Istanbûl dy't noch altiten yn gebrûk is. Sûnt likernôch 1600 is it de sit fan it troch de primus inter pares bestjoerde Oekumenysk Patriarchaat fan Konstantinopel. De patriarch is de spirituele lieder fan de yn de wrâld likernôch 300 miljoen leden tellende otterdokse mienskip.
Sint-Joariskatedraal
Καθεδρικός ναός του Αγίου Γεωργίου | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Turkije | |
plak | Istanbûl-Fener | |
adres | Fener Rum Patrikhanesi, Sadrazam Ali Pasa Cadesi | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | katedraal | |
offisjele webside | ||
Side Oekumenysk Patriarchaat |
De oan Sint-Joaris wijde tsjerke stiet yn it distrikt Fener, noardwestlik fan it histoaryske sintrum fan Konstantinopel. De katedraal is foar wat de status fan it gebou en it belang foar de otterdokse mienskip oanbelanget relatyf lyts. Dat hat te meitsjen mei de islamityske wetten fan it Ottomaanske Ryk, dat ek oer de rjochten fan de kristenen gyng en oplei dat alle net-islamityske gebouwen lytser wêze moastsen dan moskeeën. Foar de Turkske oermastering fan Konstantinopel yn 1453 wie de Hagia Sofia (ek bekend ûnder de namme Katedraal fan de Hillige Wiisheid) de tsjerke fan it patriarchaat.
De tsjerke is oerdei iepen foar publyk, mar fanwegen de oanhâldende driging fan ekstremistyske oanslaggen binne der strange maatregels foar de feiligens. Benammen pylgers út Grikenlân en oare otterdokske lannen bringe in besite oan de katedraal. Efter de katedraal binne kantoaren fan it patriarchaat en in bibleteek. De tsjerke wie foar de tiid dat it de katedraal fan it patriarchaat wie in kleastertsjerke.