Sherlock Holmes: A Game of Shadows
film út 2011 fan Guy Ritchie / From Wikipedia, the free encyclopedia
Sherlock Holmes: A Game of Shadows, soms koartwei Sherlock Holmes 2 neamd, is in Amerikaansk-Britske histoaryske aksje- en detektivefilm út 2011 ûnder rezjy fan Guy Ritchie. De film giet oer de ferneamde fiktive privee-detektive mei deselde namme út 'e wurken fan sir Arthur Conan Doyle. As sadanich is it in ferfolch op Sherlock Holmes, út 2009. Beide films hawwe yn 'e haadrollen Robert Downey jr. as Sherlock Holmes en Jude Law as dokter Watson. Yn Sherlock Holmes: A Game of Shadows geane Holmes en Watson efter de ûnmeilydsume krimineel professor Moriarty oan, dy't tige ynfloedryk en dêrtroch ûngrypber is. Fan 'e filmkritisy krige Sherlock Holmes: A Game of Shadows mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses.
Sherlock Holmes: A Game of Shadows | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Guy Ritchie | |
produsint | Joel Silver Lionel Wigram Susan Downey Dan Lin | |
senario | Michele Mulroney Kieran Mulroney | |
basearre op | Sherlock Holmes fan sir Arthur Conan Doyle | |
kamerarezjy | Philippe Rousselot | |
muzyk | Hans Zimmer | |
filmstudio | Warner Bros. Silver Pictures Wigram Productions Village Roadshow Pictures | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Robert Downey jr. Jude Law | |
byrollen | Jared Harris Noomi Rapace Stephen Fry Kelly Reilly | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk | |
premiêre | 16 desimber 2011 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske aksje- / detektivefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 129 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $125 miljoen | |
opbringst | $543,4 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Sherlock Holmes | |
● foarich diel | Sherlock Holmes |