Septimius Sevearus
From Wikipedia, the free encyclopedia
Septimius Sevearus (11 april 145 – 4 febrewaris 211) (ek wol Lucius Septimus Severus) wie Keizer fan Rome fan 193 oant 211. Hy stiet bekend as in krêftich hearsker dy't it yntern ferdielde Romeinske ryk nei in boargerkriich op 'e nij ûnder ien gesach feriene. Hy wie de lêste keizer dy't nije gebieten oan it ympearium tafoege.
Op it Forum Romanum yn Rome stiet de Bôge fan Septimius Sevearus, dat in geskink wie oan de keizer en syn soannen Karakalla en Geta foar twa oerwinnings op de Parten yn 195 en 197 n.Kr.