Sansibar
From Wikipedia, the free encyclopedia
Sansibar, offisjeel de Autonome Republyk Sansibar (Swahily: Jamhuri ya Watu wa Zanzibar; Ingelsk: Autonomous Republic of Zanzibar; Arabysk: زنجي بار, Zanji Bār) is in autonome republyk binnen de Feriene Republyk Tanzania. It gebiet bestiet út it grutste part fan 'e Sansibareilannen, dy't foar de kust fan East-Afrika yn 'e Yndyske Oseaan lizze. De wichtichste eilannen fan 'e autonome regio binne Sansibar en Pemba. De haadstêd hjit ek fan Sansibar, en leit op it eilân mei deselde namme. De autonome republyk Sansibar hie neffens de Tanzaniaanske folkstelling fan 2012 goed 1,3 miljoen ynwenners. Foarhinne wie Sansibar efterinoar in koloanje fan Portegal, in oerseesk gebietsdiel fan Omaan, in ûnôfhinklik sultanaat, in Britsk protektoraat, doe op 'e nij in ûnôfhinklik sultanaat dat nei in bloedige steatsgreep omfoarme waard ta in folksrepublyk, om úteinlik yn april 1964 mei de Republyk Tanganjika gearfoege te wurden ta de Feriene Republyk Tanzania.
Sansibar Jamhuri ya Wato wa Zanzibar (Sw.) Autonomous Republic of Zanzibar (Ing.) زنجي بار, Zanji Bār (Ar.) | |
---|---|
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
algemien | |
gebietsdiel fan | Tanzania |
pol. status | autonome republyk |
haadstêd | Sansibar (stêd) |
offisjele taal | Swahily, Ingelsk en Arabysk |
sifers | |
ynwennertal | 1.303.569 (2012) |
befolkingstichtens | 529,7 / km² |
oerflak | 2.461 km² |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Tanzaniaanske skelling (TZS) |
tiidsône | UTC+3 (gjin simmertiid) |
tillefoan | +255 |
ynternetekstinsje | .tz |
webside | www.zanzibar.go.tz |
- Dizze side giet oer de autonome republyk Sansibar. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sansibar (betsjuttingsside).