San Antonio (Teksas)
From Wikipedia, the free encyclopedia
San Antonio is in stêd yn it midsuden fan 'e Amerikaanske steat Teksas, dy't neffens in offisjele skatting út 2012 doe krapoan 1,4 miljoen ynwenners hie. Dêrmei is it de op ien nei grutste stêd fan Teksas en de op seis nei grutste stêd fan 'e hiele Feriene Steaten. San Antonio wie de fluchst groeiende fan allegear yn 'e Amerikaanske top tsien fan grutste stêden tusken 2000 en 2010, en de op ien nei fluchst groeiende tusken 1990 en 2000. As de foarstêden en de omlizzende ferstedske krite meirekkene wurde, hat it as stêdekloft in befolking fan hast 2,2 miljoen minsken. San Antonio is it haadplak fan Bexar County, hoewol't de bûtenwiken foar in part yn it oanswettende Medina County en Comal County lizze.
Fluch de feiten
San Antonio | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Teksas | |
County | Bexar County Medina County Comal County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.382.951 (2012) | |
Oerflak | 1.205,4 km² (ynkl. wetter) 1.193,7 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.147,3 / km² | |
Stêdekloft | 2.194.927 (2012) | |
Hichte | 198 m | |
Oar | ||
Stifting | 1691 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 29°25′30″N 98°29′38″W | |
Offisjele webside | ||
www.sanantonio.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan San Antonio yn Bexar County en yn 'e steat Teksas. |
Slute