Saanstêd
From Wikipedia, the free encyclopedia
Saanstêd (Nederlânsk en offisjeel: Zaanstad) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De gemeente hat likernôch 145.000 ynwenners (1 jannewaris 2010) op in gebiet fan 83 km². Saanstêd is yn 1974 ûntstien troch it gearfoegjen fan de doetiidske gemeenten Assendelft, Krommenie, Woarmerfear, Westzaan, Saandyk, Kooch oan de Saan en Saandam. De gemeente is part fan de saneamde plusregio stedsregio Amsterdam.