Sídhe
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Ierske term sídhe, eins aos sí (útspr.: [e:sˠ 'ʃi:], likernôch: "ees sjii"), fan 'e âldere foarm aes sídhe (útspr.: [e:sˠ 'ʃi:ə], likernôch: "ees sjea"), is in namme foar in ras fan tige machtige boppenatuerlike mytyske wêzens út 'e Ierske en Skotske mytology, ferlykber mei elven of feeën. Yn it Skotsk-Gaelysk wurde sokke wêzens síth neamd, dat deselde útspraak hat it Ierske sídhe. Yn it moderne Iersk wurde de sídhe ek wol oantsjut mei de term daoine sídhe (útspr.: ['dʲi:nʲə 'ʃi:ə], likernôch: "djiinjuh sjea"), wêrfan't de Skotsk-Gaelyske wjergader daoine sìth is (op 'e nij mei deselde útspraak).
- Net te betiizjen mei de Sith, in fiktive ridderoarder út 'e Star Wars-franchise.
Aos sí, daoine sídhe en de no argayske foarm aes sídhe betsjutte allegear "folk fan 'e (grêf)heuvels" of "heuvelfolk", mei't sokke wêzens ûnder de grûn yn grêfheuvels wenje soene, hoewol't ek wol sein wurdt dat se oarekant de westlike see of yn in ûnsichtbere wrâld libje dy't op itselde plak en yn deselde tiid bestiet as de minsklike wrâld. Dy ûnsichtbere wrâld wurdt yn 'e Midsiuwske tekst Lebor Gabála Érenn beskreaun as in soarte fan parallel universum, wêryn't de sídhe har sûnder sjoen te wurden mank de minsken bejouwe. De ferkoarte foarm sídhe betsjut letterlik "heuvels", en is dus eins net korrekt, mar is yn it Ingelsk en oare talen likegoed ynboargere rekke, benammen troch it wurk fan ynfloedrike auteurs dy't dy foarm brûkten, lykas de dichter William Butler Yeats.