Régis de l'Estourbeillon
From Wikipedia, the free encyclopedia
Régis markys de l'Estourbeillon (folút: Régis-Marie-Joseph de l'Estourbeillon de la Garnache; Nantes, 11 febrewaris 1858 – Avessac, 7 septimber 1946) wie in Frânsk ealman, politikus en aktivist fan etnysk Bretonsk komôf. Hy wie in Bretonsk nasjonalist, dy't in foarm fan regionalisme foar eagen stie. Dêrnjonken wied er ek in ûnferhoalen antysemyt yn in tiid dat soks noch maatskiplik akseptabel wie. Yn 'e Earste Wrâldoarloch waard er troch syn dieden op it slachfjild in held fan 'e Frânske Republyk. Nettsjinsteande dat bleau er oant syn dea in foarfjochter fan 'e Bretonske taal.
Fluch de feiten
Régis de l'Estourbeillon | ||
Régis de l'Estourbeillon yn Bretonske dracht op it Keltysk Kongres fan Caernarfon (1904). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Régis-Marie-Joseph de l'Estourbeillon de la Garnache | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 11 febrewaris 1858 | |
berteplak | Nantes (Bretanje) | |
stoarn | 7 septimber 1946 | |
stjerplak | Avessac (Bretanje) | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | politikus | |
jierren aktyf | ±1878 – 1920 |
Slute