Ryksdei (Hillige Roomske Ryk)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Ryksdei (Dútsk: Reichstag, Latyn: Dieta Imperii of Comitium Imperiale) wie de gearkomste fan it Hillige Roomske Ryk dêr't hûnderten foarsten, prinsbiskoppen, foarst-abten, ryksgreven en frije ryksstêden oan meidiene. De Ryksei wie lykwols gjin wetjouwende macht, mar mear in foarum dêr't earder oerlein waard as dat der besluten nommen waarden.
De leden wiene de ryksstannen, dy't yn trije kolleezjes ferparte wiene. De Ryksdei hie ynearsten gjin fêste lokaasje, mar fan 1663 oant de ein fan it Ryk yn 1806 hie er in permaninte sitting yn Regensburg.
Alle ryksstannen wiene ryksûnmidlik en wiene streekrjocht ûnderhearrich oan de keizer. Wylst alle ryksstannen rjocht hiene op in sit en in stim, hiene allinnich de grutte ryksstannen, de karfoarsten, foarsten en prinsbiskoppen (kolleezje fan foarsten), in yndividuele stim (Virilstimme), wylst de lytsere ryksstannen, sa as de ryksgreven en foarst-abten, rjocht hiene op in kollektive stim (Kuriatstimme) yn harren eigen bank (Curia), en de frije ryksstêden dy't by it kolleezje fan stêden hearden.
It rjocht ta stimmen hong yn it wêzen ôf fan in territoarium. As in foarst nije gebieten bemachtige troch erfskip, of op hokker manier ek mar, krige er de stimrjochten fan it bemachtige gebiet ek yn hannen. Oer it algemien wiene de leden faak sels net oanwêzich by de Ryksdei yn Regensburg, mar stjoerden fertsjintwurdigers. De lettere Rydsdagen wiene winliken in permaninte gearkomsten tusken ambassadeurs fan de ryksstannen.