Romeinske myl
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Romeinske myl of mile (Latyn: milia passuum of milliaria) is in troch de Romeinen ynfierde lingtemjitte mei in lingte fan tûzen stappen, sa't de namme al seit, mar 1 Romeinske stap wie gelyk oan twa gewoane stappen. De lingte fan in Romeinske myl beroan sa'n 1478 meter. De myl is ferdield yn lytsre ienheden sa't hjirûnder beskreaun wurdt.
Oan alle Romeinske wegen stiene milliaria,, (mylpeallen), dêr't de ôfstân nei wichtige plakken op te lêzen wie.