Roger Ailes
From Wikipedia, the free encyclopedia
Roger Eugene Ailes (Warren (Ohio), 15 maaie 1940 - Palm Beach (Floarida) 18 maaie 2017) wie in Amerikaanske tillefyzje-foaroanman en presintator en polityk adviseur. Hy wie de direkteur fan de rjochtse nijsstjoerder Fox News, Fox Television Stations en 20th Television, dêr't er yn july 2016 opstapte doe't er troch 23 froulju beskuldige waard fan seksuële yntimidaasje. Roger Ailes wie polityk adviseur fan de republikeinske presidinten Richard Nixon, Ronald Reagan en George H. W. Bush en foar de kampanje foar it boargemasterskip fan Rudy Giuliani yn New York. Yn 2016 waard er in adviseur fan de kampanje fan it presidintskip fan Donald Trump, dêr't er holp mei it tarieden fan debatten.
Roger Ailes | ||
Roger Ailes yn 2013. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Roger Eugene Ailes | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 15 maaie 1940 | |
berteplak | Warren (Ohio) | |
stoarn | 18 maaie 2017 | |
stjerplak | Palm Beach (Floarida) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | algemien direkteur fan Fox News (1996-2016) direkteur fan Fox Television Stations direkteur fan 20th Television | |
jierren aktyf | 1961 - 2017 (syn ferstjerren) |
Roger Ailes wie in hemofilypasjint. Hy ferstoar op 18 maaie 2017 yn de âldens fan 77 jier, nei't er in subduraal hematoom nei in fal krigen hie, troch syn hemofily.