Robert J. Flaherty
From Wikipedia, the free encyclopedia
Robert Joseph Flaherty (Iron Mountain, 16 febrewaris 1884 – Dummerston, 23 july 1951) wie in Amerikaansk filmregisseur en dokumintêremakker, dy't fral bekend wurden is fan syn dokumintêrefilm Nanook of the North út 1922. Teffens wie er de betinker fan it nije sjenre dokufiksje mei de film Moana (1926), en wurdt er rekkene ta de pioniers fan de etnografyske film en de dokumintêrefilm.
Flaherty wie fan 1914 oant syn dea boaske oan de skriuwster Frances Johnson Hubbard. Frances die harres oan it skript fan ferskate films fan har man.
Flaherty Island, ien fan de Belchereilannen, is nei him ferneamd.