Richard III (toanielstik)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Richard III, nei it Ingelske stik mei deselde namme (folút: The Tragedy of King Richard III), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. Hoewol't it ûnder it wurk fan Shakespeare ornaris ta de histoaryske stikken rekkene wurdt, is it kwa sjenre in trageedzje. It ferhellet fan it libben en it regear fan 'e Ingelske kening Richard III (reg. 1483-1485), fan wa't Shakespeare net folle hiel lit. Men is fan tinken dat it skreaun wêze moat yn 1591 of dêromtrint, en de earste útjefte datearret fan 1597. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma waard publisearre yn 1963.
Fluch de feiten
Richard III | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Richard III | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | ±1591 | |
1e publikaasje | 1597, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Kening Richard III | |
publikaasje | 1963, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Slute