Ratmanov (eilân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ratmanov (Russysk: Остров Ратманова, Ostrov Ratmanova; Injûpiat: Imaqłiq; Ingelsk: Big Diomede), soms ek Grut-Diomedes neamd, is in eilân yn 'e Beringstrjitte yn it Fiere Easten fan Sibearje. It eilân makket ûnderdiel út fan it autonoom gebiet Tsjûkotka, dat ta Ruslân heart. Ratmanov is ien fan 'e beide Diomedeseilannen; it oare, Lyts-Diomedes, falt ûnder de Amerikaanske steat Alaska.
Fluch de feiten
Ratmanov | ||
polityk | ||
soarte gebiet | eilân | |
lân | Ruslân | |
autonoom gebiet | Tsjûkotka | |
distrikt | Tsjûkotsky | |
sifers | ||
ynwennertal | gjin permaninte bewenners | |
oerflak | 29 km² | |
befolkingstichtens | 0 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC +12 | |
simmertiid | gjint | |
koördinaten | 65°46′52″ N 169°03′25″ W |
Slute