Rûnwjirms
From Wikipedia, the free encyclopedia
Rûnwjirms (Nematoda) binne in grutte groep (stamme) fan hiel algemien foarkommende wjirms. Der binne mear as 25.000 beskreaune soarten. Ek de ieltsjes hearre by de nematoaden. Nematology is de wittenskip dy’t de nematoaden bestudearret. De term nematoda komt út it Gryksk en betsjut triedderich.
Rûnwjirms | ||
In rûnwjirm dy’t soajabeane oantaast (mei aai). | ||
Taksonomy | ||
domein: | eukaryoaten (Eukaryota) | |
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
rangleas takson: | weefseldieren (Eumetazoa) | |
tuskenryk: | twasidigen (Bilateria) | |
boppestamme: | oermûnigen (Protostomata) | |
rangleas takson: | ferfellingsdieren (Ecdysozoa) | |
stamme: | rûnwjirms (Nematoda) | |
Rudolphi, 1808 | ||
In soad nematoaden libje yn de boaiem fan deade organyske stof. Oare soarten libje as parasyt en feroarsaakje plantesykten lykas ierdappelwurgens of sitte yn it termkanaal fan sûchdieren lykas de spielwjirms of de earsmaaitslearswjirmkes en wurde yn it lêste gefal dan faak as triedwjirm oantsjut.
Guon nematoaden kinne wol 8 meter lang wurde,[1][2] mar de measte nematoaden binne mei it bleate each net te sjen. Se binne dan op syn heechst 1 mm lang en tige smel. De kante meter boaiem kinne wol in miljoen ieltsjes yn libje. Se komme rûnom foar.
Ieltsjes wurde ek tapast as natuerlike fijannen fan pleachynsekten of bleatslakken.
Ieltsjes kinne oantaast wurde troch ûnder oare nematofage skimmels, firussen, sporozoën, amoeben, siliaten, tardigraden, kolemboalen, oligochaeten en baktearjes.[3]
De soart Caenorhabditis elegans wurdt brûkt as modelorganisme. It wie de earste mearsellige eukaryoat dêr’t it genoom folslein fan yn kaart brocht waard.[4]