Qilin
From Wikipedia, the free encyclopedia
In qilin (stavering neffens it offisjele pinyinsysteem; Sineesk: 麒麟; Mandarynske útspr.: [tɕʰǐ.lǐn], likernôch: "tsjy-lyn") is in mytysk wêzen út 'e Sineeske folkloare en mytology. It is in hoefdier dat yn 'e regel foarsteld wurdt as op in hynder lykjend, en dat beskate oerienkomsten fertoand mei de Jeropeeske ienhoarn. De ferskining fan in qilin soe wize op it nei-oan wêzend ferstjerren fan in wize of romrofte hearsker. In froulike qilin soe in lin (麟) wêze, wylst in mantsje in qi (麒) neamd wurdt. Qilin is de namme foar de hiele soarte.