De Prêrjeoarloch fan Lincoln County wie in prêrjeoarloch (oftewol in wapene konflikt tusken boargers yn it Wylde Westen), dy't yn 1877 en 1878 Lincoln County yn it Territoarium Nij-Meksiko yn syn greep hold. Dit konflikt krige in bûtenproporsjonele bekendheid troch de dielname fan William H. Bonney, dy't koarte tiid letter ferneamd wurde soe as bandyt ûnder de bynamme Billy the Kid. De Prêrjeoarloch fan Lincoln County gie tusken twa pleatslike groepen, wêrfan't de saneamde Murphy-Dolan-faksje yn 'e county de facto in hannelsmonopoalje hie, dat de saneamde Tunstall-McSween-faksje besocht te trochbrekken. Beide kloften sammelen sakelju, ranchers, cowboys, plysjeminsken en sels bindes banditen om har hinne. Nei in snuorje fan oanboazjende spanning yn 1877 rûn it konflikt yn febrewaris 1878 út op bloedferjitten, wêrnei't it geweld oanhold oant yn july fan dat jier. De lieders fan 'e Tunstall-McSween-faksje fûnen mei útsûndering fan rancher John Chisum hast allegear de dea, mar ek de Murphy-Dolan-faksje stoarte neitiid yn. Guon histoarisy wolle hawwe dat it konflikt pas yn 1881 einige mei de dea fan Billy the Kid.
Prêrjeoarloch fan Lincoln County (in boargerlik konflikt yn it Wylde Westen) |
De Torreon yn Lincoln, in soarte fan fersterke stins, dy't by ferskate sjitpartijen brûkt waard as plak om jin te ferskânzjen. |
|
datum: | 1877 – 1878 |
plak: | Lincoln County |
útkomst: | ynstoarting fan beide faksjes |
konfliktpartijen |
Murphy-Dolan-faksje |
Tunstall-McSween-faksje |
|
befelhawwers |
Lawrence Murphy James Dolan John Riley William J. Brady † George W. Peppin Jesse Evans |
John Tunstall † Alexander McSween † John Chisum Richard M. Brewer † Frank McNab † Billy the Kid |
|
ferliezen |
15 deaden 11 ferwûnen |
8 deaden 12 ferwûnen |
|
|
|