Prêrjehin
From Wikipedia, the free encyclopedia
De prêrjehin (wittenskiplike namme: Tympanuchus cupido), ek wol stavere as prêryhin of prairiehin en ta ûnderskie fan 'e nau besibbe lytse prêrjehin (Tympanuchus pallidicinctus) ek wol de grutte prêrjehin neamd, is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e prêrjehinnen (Tympanuchus). It is in stânfûgel, dy't yn 'e Feriene Steaten foarkomt op dielen fan 'e noardlike Grutte Flakten, mei inkele isolearre populaasjes mear nei it easten en suden ta. Troch habitatferlies en oerbejaging is de prêrjehin útstoarn yn it grutste part fan syn oarspronklike ferspriedingsgebiet, wêrûnder de súdlike Grutte Flakten, en ek de noardeastlike Atlantyske kuststripe, dêr't earder de heidehin (T. c. cupido) foarkaam, dy't in ûndersoarte fan 'e prêrjehin wie. De prêrjehin is in middelgrutte fûgel dy't bekend stiet om syn opfallende baltsgedrach. Oars as by de measte soarten rûchpoathinnen is de seksuele dimorfy by dizze soarte beheind. De IUCN klassifisearret de prêrjehin as gefoelich.
prêrjehin | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tympanuchus cupido | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
hjoeddeistige fersprieding histoaryske fersprieding |