Portland (Oregon)
Oregon / From Wikipedia, the free encyclopedia
Portland, byneamd Stumptown, is de grutste stêd yn 'e noardwestlike Amerikaanske steat Oregon, en it haadplak fan Multnomah County (hoewol't bûtenwiken fan 'e stêd yn it oangrinzgjende Washington County en Clackamas County lizze). De stêd leit yn it foarlân fan it Tualatin-berchtme, yn it binnenlân fan Oregon, sij it oan 'e grins mei de steat Washington, op in ôfstân fan rom 110 km fan 'e Pasifyske kust ôf. Portland is ferneamd nei it âldere Portland yn 'e eastlike steat Maine, en waard oarspronklik in eintsje streamop stifte fan 'e gearfloeiïng fan 'e rivieren de Willamette en de Columbia. De Willamette streamt noardoan troch it stedssintrum, wylst de Columbia, dy't de grins mei de steat Washington foarmet, dêr noardlik fan rint, en Portland ôfsnijt fan syn grutste foarstêd, Vancouver, yn Washington.
Portland | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oregon | |
County | Multnomah County Washington County Clackamas County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 603.106 (2012) | |
Oerflak | 375,8 km² (ynkl. wetter) 345,6 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.689,2 / km² | |
Stêdekloft | 2.289.800 (2012) | |
Hichte | 151/4 m | |
Oar | ||
Stifting | 1845 | |
Tiidsône | UTC -8 | |
Simmertiid | UTC -7 | |
Koördinaten | 45°31′12″N 122°40′55″W | |
Offisjele webside | ||
www.portlandonline.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Portland yn Multnomah County en de steat Oregon. |
Neffens in offisjele rûzing út 2012 (op grûn fan gegevens út 'e folkstelling fan 2010) hie Portland doe goed 600.000 ynwenners. Dêrmei is it de twadde stêd fan it Amerikaanske Noardwesten, mei't Seattle, yn 'e oangrinzgjende steat Washington, krekt justjes grutter is. As stêdekloft, mei alle foarstêden (yn sawol Oregon as Washington) derby, hat Portland in befolking fan krapoan 2,3 miljoen minsken.