Pablo Picasso
From Wikipedia, the free encyclopedia
Pablo Diego José Francisco de Paula Juan Nepomuceno María de los Remedios Cipriano de la Santísima Trinidad Ruiz y Picasso (Málaga, 25 oktober 1881 – Mougins, 8 april 1973) wie in Spaansk keunstskilder, tekener, byldhouwer, grafysk keunstner en keramist. Hy wie ien fan de bekendste Spaanske keunstskilders. Syn bekendste skilderij is Guernica, in werjefte fan in Dútsk bombardemint op dizze stêd yn 1937, by de Spaanske Boargeroarloch. Dit skilderij hinget yn it Museo Nacional Centro de Arte Reina Sofía yn Madrid.
Pablo Picasso syn heit wie keunstner, tekenlearaar en konservator. Yn syn libben hied er relaasjes mei meardere froulju, dy't hy faak brûkte as skildersmodel: Fernande Olivier, Marcelle Humbert, Olga Kochlova, Marie-Thérèse Walter, Dora Maar en Jacqueline Roque. Alle kearen as't er opnij fereale waard, waard dit yyn syn wurk dúdlik troch in wikseling fan styl.