Paul Le Guen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Paul Le Guen (Frânske útspr.: [pɔl lə ɡwɛn], likernôch: "pol luh gwen"; Bretonske útspr.: [pawl lø ɡwɛnː], likernôch: "paul leu gwen"; Pencran, 1 maart 1964) is in Frânsk fuotballer en fuotbaltrainer fan etnysk Bretonsk komôf. Hy sette yn 1983 útein mei syn profesjonele sportkarriêre en spile û.m. by Paris Saint-Germain. Ek kaam er santjin kear út foar it Frânske nasjonale alvetal. Nei't er yn 1998 opholden wie as fuotballer, begûn Le Guen in twadde wurkpaad as trainer, wêrby't er ek bûnscoach fan Kameroen en Omaan wie.
Fluch de feiten
Paul Le Guen | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Paul Le Guen | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
bertedatum | 1 maart 1964 | |
berteplak | Pencran (Bretanje) | |
etnisiteit | Bretonsk | |
lingte | 1.86 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | fuotbal | |
debút | 1983 | |
karriêre-ein | 1998 |
Slute