Palm Springs (Kalifornje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Palm Springs (Kawylla: Se-Khi; Serrano: Horqaniv) is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It plak leit yn it woastinige binnenlân fan 'e regio Súdlik Kalifornje, eastlik fan San Bernardino. Palm Springs ûntstie as kueroard om in stikmannich waarmwetterboarnen hinne, en de pleatslike ekonomy moat it noch altyd foar it meastepart hawwe fan toerisme en rekreaasje. De stêd makket diel út fan 'e stêdekloft fan San Bernardino-Riverside. Neffens in offisjele skatting út 2018 hie Palm Springs doe goed 48.000 ynwenners.
Fluch de feiten
Palm Springs | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Riverside County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 48.375 (2018) | |
Oerflak | 246,0 km² (ynkl. wetter) 243,8 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 196,6/ km² | |
Stêdekloft | San Bernardino | |
Hichte | 146 m | |
Oar | ||
Stifting | 1880 | |
Tiidsône | UTC –8 | |
Simmertiid | UTC –7 | |
Koördinaten | 33°49′49″N 116°32′43″W | |
Offisjele webside | ||
www.palmsprings-ca.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Palm Springs yn Riverside County en yn 'e steat Kalifornje. |
Slute