Ottawa Stamme fan Oklahoma
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Ottawa Stamme fan Oklahoma (Ingelsk: Ottawa Tribe of Oklahoma) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, dy't fêstige is yn it uterste noardeasten fan 'e steat Oklahoma. Dizze stamme bestiet út etnyske Ottawa, dy't yn 'e njoggentjinde iuw út it gebiet fan 'e Grutte Marren wei deportearre waarden, earst nei Kansas, en letter nei Oklahoma. De organisaasje hat likemin as oare Yndianestammen yn Oklahoma in eigen reservaat. Yn 'e tweintichste iuw gie ek de federale erkenning lange tiid ferlern, mar dy waard 1978 weromwûn. It haadkertier fan 'e Ottawa Stamme fan Oklahoma stiet yn 'e stêd Miami (Oklahoma).
Fluch de feiten
Ottawa Stamme fan Oklahoma | ||
Ingelsk | Ottawa Tribe of Oklahoma | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Oklahoma | |
haadkertier | Miami (Oklahoma) | |
etnisiteit | Ottawa | |
ledetal | 2.500 (2011) | |
oprjochting | 1936 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | opheft: 1837-1867 yn Kansas; 1867-1891 yn Oklahoma | |
offisjele webside | ||
www.ottawatribe.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Oklahoma.
|
Slute