Oklahoma City
From Wikipedia, the free encyclopedia
Oklahoma City, gauris ôfkoarte ta OKC, is sawol de haadstêd as de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Teffens is it it haadplak fan Oklahoma County, al lizze guon bûtenwiken fan 'e stêd yn it oangrinzgjende Canadian County, Cleveland County en Pottawatomie County. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Oklahoma City doe krapoan 600.000 ynwenners, wêrmei't it it 29ste plak ynnimt op de ranglist fan de grutste stêden fan de Feriene Steaten. Mei alle foarstêden en de heal ferstedske omlizzende plattelânskrite derby komt it as stêdekloft út op in befolking fan hast 1,3 miljoen minsken. Oklahoma City stiet bekend om syn oaljeyndustry; om ien fan 'e grutste feemerken fan 'e wrâld; om 'e bomoanslach op it Alfred P. Murrah Federal Building, yn 1995, wêrby't 168 minsken de dea fûnen; en om de tornado's dêr't it geregeldwei troch troffen wurdt.
Oklahoma City | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oklahoma | |
County | Oklahoma County Canadian County Cleveland County Pottawatomie County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 599.199 (2012) | |
Oerflak | 1.608,8 km² (ynkl. wetter) 1.572 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 369 / km² | |
Stêdekloft | 1.296.565 (2012) | |
Hichte | 396 m | |
Oar | ||
Stifting | 1889 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 35°28′56″N 97°32′06″W | |
Offisjele webside | ||
www.okc.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Oklahoma City (read) yn Oklahoma County en yn 'e steat Oklahoma. |
- Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Foar oare betsjuttings, sjoch: Oklahoma City (betsjuttingsside).