Octavio Paz
From Wikipedia, the free encyclopedia
Octavio Paz (Spaanske útspr.: [okˈtaβjo pas], folút: Octavio Paz Lozano; Meksiko-Stêd, 31 maart 1914 – dêre, 19 april 1998) wie in ferneamd Meksikaansk dichter, essayist, diplomaat, oersetter en toanielskriuwer. Syn wurken hearre fierhinne ta de streamings fan it surreälisme en it eksistinsjalisme, en fertoane ynfloeden fan it marksisme, it hindoeïsme en it boedisme. Syn bekendste gedicht is it masterwurk Piedra de Sol (De Sinnestien), út 1949. Yn 'e jierren fyftich en sechstich tsjinne er syn lân as diplomaat, en wied û.m. abassadeur yn Yndia. Ut protest tsjin it bloedich delslaan fan studinteprotesten troch it Meksikaanske regear joech er dat amt der yn 1968 oan. Yn 1990, acht jier foar syn dea oan kanker, waard him de Nobelpriis foar de Literatuer takend.
Octavio Paz | ||
skriuwer | ||
Octavio Paz yn 1988. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Octavio Paz Lozano | |
nasjonaliteit | Meksikaansk | |
berne | 31 maart 1914 | |
berteplak | Meksiko-Stêd (Meksiko) | |
stoarn | 19 april 1998 | |
stjerplak | Meksiko-Stêd (Meksiko) | |
etnisiteit | Meksikaansk | |
wurk | ||
taal | Spaansk | |
sjenre | poëzij, essay's, toaniel, non-fiksje | |
perioade | midden & 2e helte 20e iuw | |
streaming | surreälisme, eksistinsjalisme | |
bekendste wurk(en) | El Laberinto de la Soledad Piedra de Sol | |
prizen | Cervantespriis 1981 Nobelpriis 1990 | |
jierren aktyf | 1933 – 1998 | |
offisjele webside | ||
www.octaviopaz.mx |
- N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Octavio. De earste efternamme (fan heitekant) is Paz, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Lozano. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Paz of oars Paz Lozano brûkt wurde.