Oankeap fan Alaska
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Oankeap fan Alaska of de Alaska-oankeap (Ingelsk: Alaska Purchase; Russysk: Продажа Аляски, Prodaža Aljaski, letterlik: "Ferkeap fan Alaska") wie de oername troch de Feriene Steaten fan 'e ferlieslijende koloanje Russysk-Amearika fan it Keizerryk Ruslân yn 1867. It gebiet dat dêrmei muoid wie, en dat neitiid offisjeel de namme Alaska krige, besloech 1.717.856 km² (wêrfan 13,8% wetter) en hie in befolking fan tusken de 33.500 (neffens de Amerikaanske folkstelling fan 1880) en 39.800 (neffens in Russyske telling út 1839) persoanen. De Feriene Steaten betellen foar Alaska in bedrach fan 7,2 miljoen Amerikaanske dollars. De formele oerdracht fûn plak op 18 oktober 1867.