Nij-Ingelân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Nij-Ingelân (Ingelsk: New England) is in regio yn it uterste noardeasten fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, dy't foarme wurdt troch seis Amerikaanske steaten: Fermont, Konettikut, Maine, Massachusetts, Nij-Hampshire en Rhode Island. De krite wurdt yn it noarden begrinzge troch de Kanadeeske provinsje Kebek; yn it easten troch de Kanadeeske provinsje Nij-Breunswyk en troch de Atlantyske Oseaan; yn it suden troch de See-ingte fan Long Island, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan; en yn it westen troch de Amerikaanske steat New York.
It gebiet omfettet it grutste part fan 'e ierste Ingelske delsettings yn Noard-Amearika, en is it meast op Jeropa lykjende diel fan 'e Feriene Steaten, sawol kwa romtlike oardering en arsjitektuer as wat de mentaliteit fan 'e ynwenners oangiet. Hoewol't de namme Nij-Ingelân gjin offisjele geografyske oantsjutting is, wurdt de term noch altiten rûnom brûkt om 'e mienskiplike kultuer, sosjology, ekonomy, etnysk erfskip, geografy en floara en fauna fan 'e seis steaten oan te jaan, of gewoan as in ôfkoarting sadat men al dy relatyf lytse steatsjes net hoecht op te neamen.